Zappe……..

Gepubliceerd op: dinsdag 30 juni

Ha jo dat ek wolris meimakke; tydens in tsjerketsjinst mei de gedachte spylje om der út te rinnen?  Ik yn elts gefal wol, bygelyks as in foargonger syn of har “eigen ferhaal” sa fertaalde as wie it de bibelske wierheid. Binammen as it oer “de” Palestijnen of oer “de” Homo’s gjit, dan bin ik gau op temperatuur!   Aldergelokkichst hat de tiid syn wurk dien en bin dizze prekers aardich útfiltere.   Yn dizze Corona-tiid hoe jo net fuort te rinnen, want hoe noflik, jo kin sittende (of lizzende) wei “zappe” op sneintomoarns. Fanút ús tsjerke bringt in ploeg jonge gemeenteleden alle sneinen in tsjinst bij ús yn´e hûs, beeld en lûd ,alles derop en deroan!  Hoe sa, der is gjin jeugd mear? Wêrom dan “zappe” sil jo tinke.. Dat sit sa; somtyden ha jo sprekkers, dan wit jo wol wat der komme sil en dan heakje ik gau ôf en in oare kear is der allinne mar oargelmuziek en gjin (samen-)zang, en dan bin ik bliid mei RTV-NOF of Omrop Fryslân as alternatief. Dûmny Beekman sei déroer yn de Ljouwerter: “Er wordt in een online-viering geregeld een psalm hardop voorgelezen, en van een ander gezang enkel de melodie gespeeld. In beide gevallen komt het gelovig hart tekort”. Hoe no fierder mei ús gemeente as it oait wer “normaal” wurdt? Dat sil de tiid ús wer leare, mar stiekem hoopje ik dat it entûsjasme fan de techniek-ploeg ús gemeente yn alle geledingen op sleeptouw nimt, en dat ik dan, as “zapper”, derachter kom dat it gérs bij ús dochs griener is as bij in oar!

Columnist:Sietse

Leer mij kennen
Uitgelezen?

Gelukkig hebben wij meer columns!

Bekijk al onze columns

Door de site te te blijven gebruiken, gaat u akkoord met het gebruik van cookies. meer informatie

De cookie-instellingen op deze website zijn ingesteld op 'toestaan cookies "om u de beste surfervaring mogelijk. Als u doorgaat met deze website te gebruiken zonder het wijzigen van uw cookie-instellingen of u klikt op "Accepteren" hieronder dan bent u akkoord met deze instellingen.

Sluiten