Boppesteande siswize spilet mei hieltyd faker troch it sin. Want lit we wol wèze, alles en elkenien liket hjoed de dei it spoar wol bjuster.De noarmen en wearden wer’t ùs lân grut mei wurden is, se ferdwine hoe langer, hoe mear. Respect, fatsoen en noed stean foar elkoar, it ferdwynt stadichoan nei de eftergroun en it “ik”komt boppeoan. As it bygelyks in kear net “leuk”is by de fuotbalklup of by de tsjerke dan stappe jo dochs op: dan gean wy “oare leuke”dingen dwaan. Hoesa mienskip? Aldergelokkichst bin der nog minsken dy’t mienskipsin “leuk”meitsje kinne, sa as de Honk minsken! Wy mochten mei sa’n 250 minsken, fan jong ta âld, de Honk-reunie meimeitsje! 45 jier Jeugd-Honk yn Damwâld, ûntstien troch in jeugdâlderling mei passie en fisy en it hjoeddeistich bestjûr draagt dat nog altyd ùt! De reunie-kommisje hie in reunie yn elkoar set dy’t klonk as in klok; Om yn de wurden fan hjoed-de-dei te bliuwen; It wie Super!! In felicitatie wurdich soe m’n sizze………….. Mar no ta de saak: It ûntstean fan it Honk hat destiids hiel wat fuotten yn ’e ierde hân, want elkenien wist fansels wol wat net(!) goed wie foar de jongerein…. Mar hawar; tiiden hawwe tiiden, hjoed-de-dei wit we wol hoe as it moat, of wit we it noch(!) net. Is der wol wat feroare, gean we as tsjerkemienskip no oars mei de jongerein om as dés- tiids? Is de “antenne”wol goed rjochte en is de “golflengte”wol goed ôfstimd? Koartsein, wurd it net de heechste tiid foar in renovaasje fan de bân mei ùs jongerein, de 20-ers en 30-ers? Ynfersteare dus en dizze kear net yn stiennen …. As tsjerke lûke wei samar de beurs foar it âlderein-pastoraat, mar de jongerein dan? Wa wit rint der ergens nog in “Timmer”- man roun, dy’t in mooi hûs bouwt op de fûnaminten fan it Honk! Dan kin ùs tsjerke fèst wer 45 jier foarùt!