Sinterklaas, in gedicht, in pear sokken en wat droeche woarst. Dan it fuotbâljen even sjen en it is alwer tolve oere!
O ja, blinder, der moat nog in stikje skrean wurde. Dat sit sa, Janet Alkema hat my frege om in pear kear yn it jier in bijdrage te leverjen foar ús nije webside PKN-Damwâld. No siz ik fuort gjin nee, dat sit skynber net yn ús genen, mar ik tocht sa’n podium, giet dat net wat te fier! In deagewoane automonteur kin mei syn kennis fansels net yn it skaad stean by in dominee of soksoart folk! De meast dûmnies moatte âlle wiken yn’e pen om in preek te skriuwen of te tikjen en grave alle dagen yn de Bibel om, dus sokke minsken skodzje samar in geef stikje út’e mouwe! Fan dèr myn twivel! Oan’e oare kânt, de stikjes dy ik fiif jier lang foar ùs tsjerkebledsje skrean ha, hawwe my in soad reakties oplevere. Sa komt in wike as wat ferlyn in frommiske by ús op it wurk, dy’t skynber de Paadwizer ek wolris ûnder eagen krige, Se sei; wat mis ik Sietse syn stikjes yn it tsjerkebledsje, dat wie einliks it iennichste wat ik lies, ik seach der sùver nei út! Doe giene my de eagen iepen, jo kin dus troch de gewoane deistige foarfallen út it libben mei in oar te dielen ek wat bestjutte foar in oar!
Sels lês ik graach columns, en dan is Ds Beekman (l.C.) myn favoriet. Mar ek yn it R.D. (Reformatorisch Deiblèd) stjin soms moaie, learsume en humoristyske stikjes. Sa liis ik in stukje oer it VW-skândaal (de auto’s wiene “skjinner”op’e testbank as op’e dyk). de skriuwer makke in fergelyking tusken de V.W. op in testbank en it tsjerkefolk op snein yn’e tsjerkebank. Want, sa wie syn redenaasje, bin wy sneins ek net folle “skjinner”as troch de wike? Wy dogge sneins neat gjin ferkeards en hâlde ùs oan alle(?) rigeltsje dy’t we faaks ek noch sels betocht ha. We witte dan ek hiel goed wat in oar op snein docht of just “nei” lit!, mar troch de wike ha we in hiel soad deselde “gewoantes” oernaam.
Koartsein, sneins op’e testbank bin we faaks ek aardich “skjinner”as troch de wike. We fine it hiel terjochte dat fraude en ûnearlikheid oanpakt wurd en dus moatte de V.W.’s werom nei de fabriek om de ùtstoat oan te pakken. Sa sil ek ús Skepper op ús wachtsje en ús meitsje sa’t wy hearre te wêzen!