Maitiid!

Gepubliceerd op: zondag 14 mei 2017

“Dan komt de maitiid, de maitiid yn it lân, dan laket alles, alles jin sa oan” In bekend frysk ferske wer’t de maitiid yn besongen wurd. De natoer op syn moaist, it fee yn it lân, de fûgels en de blommen, alles is fris en fleurich, krekt as is alles wer nij! En it is nuver, mar ek iksels merk dat ik der wat fan mei krij. Eltsenien liket wol wat fleuricher wat ùtbundiger. Ja, jo soene wol wolle dat it altyd maitiid blean. Dat alles hieltyd mar wer opnij begjint en de folle, frisse wyn al it negatieve en populistische gedoch fuort blaast. Wa wit, soe it oerslaan op ùs maatskippij en ùs wer yn in”positieve flow”bringe, omsjen nei elkoar bijvoorbeeld. Ja, mei in maitiids-bril op sjogge jo mei oare eagen nei de wrâld en ùs eigen omjouwing. It “gewoane”groeien en bloeien sjogge jo dan wer as bisûnder. Want minsken ,lit we wol wèze, wat libje wy yn in geweldich lân. In sosiaal stelsel dat klinkt as in klok, iten en drinken yn oerfloed, al ha guon minsken noch net goed yn’t snotsje wat earlik diele ynhâld. In “VVD-er” hat nooit genôch, en in “socialist” fielt him of har altyd te koart dien, mar de maitiid is foar ùs allegearre, lykas de sinne en it reinwetter. As wy no ris mei syn allen de “maitiids-bril”opsette, wa wit, wurd it dan foar de minsken dy’t yn har libben de hjerst ûnderfine ek noch in fleuriche simmer!

Columnist:Sietse

Leer mij kennen
Uitgelezen?

Gelukkig hebben wij meer columns!

Bekijk al onze columns

Door de site te te blijven gebruiken, gaat u akkoord met het gebruik van cookies. meer informatie

De cookie-instellingen op deze website zijn ingesteld op 'toestaan cookies "om u de beste surfervaring mogelijk. Als u doorgaat met deze website te gebruiken zonder het wijzigen van uw cookie-instellingen of u klikt op "Accepteren" hieronder dan bent u akkoord met deze instellingen.

Sluiten