Om mar mei de doar yn hûs te fallen, foar my persoanlik is dizze tiid gjin flok, heechút lestich. Lykwols is it foar in soad oare lju in swiere tiid, en dan tink ik foaral oan de âlderein en allinnesteanden. Se krije al net folle folk oer de flier want ja, jo bin allinne en wa komme dan noch del, en o ja, de bern, no die ha it ek och sa drok krij ik dan te hearren……
Wat in segen as der dan in mienskip is dy’t nei jo omsjocht, bygelyks in ferieniging, de tsjerkemienskip of, nog tichterbij, de buurt, de buorlju! Troch de Corona-maatregels wie de tsjerkegong beheind ta in pear minsken, dit fanwege de beskikbere rûmte, mar wylst der ek twa herfoarme tsjerken bin om te brûken, giene die hielendal ticht, hoe bryk wol jo it ha as wy it oer in mienskip ha. By ús gemeente waard sels de blomme-groet net mear dien, it teken fan mienskip by útstek, hoe bryk wol jo it ha. Aldergelokkichst is der nog in ploegje, jongeren foarol, dy’t mei harren ynset en kennis fan de online-techniek de tsjerketsjinsten by ús thús bringe. Hulde derfoar, mar it is en bliuwt surrogaat fansels, want der stapt net ien echt troch de doar by de minsken dy’t der ferlet fan ha, en de tsjerkedoar, die sit op’t slot, of hy stiet op in kier……..!
Wat in segen, as der dan minsken bin dy’t net yn ûnmooglikheden tinke, mar praktisch bin en op tongersdei, moarns fanôf healwei tsienen, foar elkenien de kofje brún ha. Sterker nog, as it wêze mat, ien tillefoantsje en jo wurde ophélle en ek wer thúsbrocht! in foarbyld fan mienskip, fan neielkoar omsjen en dus in segen foar elkenien dy’t der ferlet fan hat.
– Wordt vervolgd –