Fuotbalsupporters bin der yn ferskate soarten. Aktief nei it stadion gean alle twa wiken, en de thússupporters; sy folgje harren klup fia radio en tv. Sels ha’k ek faak nei Hearrefean west, mar nei ferrin fan tiid rekke de fleur derút mei it fuotbal.. En dus ek mei my! No bin ik in passief supporter, ofwol op ôfstân: thús!
Mei de tsjerke is’t net oars : it ‘wij-gefoel’ is fuort en dan wurde jo samar passief supporter…..!
Myn alder grutste fuotbal-leafde is nog altiid Feyenoord, dé folksklup út Rotterdam, mar al jierren net mear de klup dy’t brûst fan fitaliteit. In deade boel wie it de lêtste jierren, Ajax sloeg foar master op en dat wie it.
Mar sjochdêr, twa jier lyn kaam der in nije “foargonger” by Feyenoord. In man dy’t de klup nij libben ynblaasde, dy’t mei positief en oanfallend fuotbal in nije wyn waaie lit! Gefolch; wy wol ek graach in kear nei de Kuip om it gefoel te priuwen fan dy nije “foargonger”, mar it is hieltiid útferkocht….!
Hooplik slagget it ús beroppingskommisje ek om in “Arne Slot” te finen!